Jild Stellingwerven ferdield

© Omrop Fryslân
De Stichting SW 700 hat 50.000 euro ferdield ûnder ynstellingen dy't aktiviteiten organisearje yn it ramt fan it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven. Meielkoar giet it om 28 groeperingen dy't wat betocht hawwe en jild krije.
Der giet ûnder oare jild nei de wurkgroep Stellingwarf 700 jier. Dy hat in website en postsegels makke. Ek de Vereniging Historie Weststellingwerf krijt jild, foar de Midsieuske Merk op 20 juny.