Pausmobyl opsje foar keningin

01 maaie 2009 - 16:50

De keninginne soe tenei yn in soarte fan Pausmobyl sitte kinne wannear't se keninginnedei fiert of earne yn it lân op besite is. It is ien fan de wizen wêrop't neffens Keamerhear Wegener Sleeswijk út Ljouwert de keninginne better beskerme wurde kin.

Nei it drama fan tongersdei yn Apeldoarn is de diskusje oer de befeiliging fan de keninklike famylje flink geande. Freed is it deadetal oprûn nei sân. Dêrûnder de man dy't mei syn auto troch it publyk ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)