1 maaie: dei fan de arbeid

Earste 1 maaiefiering 1890 yn Fryslân
Freed is it de dei fan de arbeid, neffens tradysje op 1 maaie. Anno 2009 is der yn Nederlân net safolle omtinken mear foar dy dei mei sosjalistyske idealen.
Yn 1890 wurdt de earste Nederlânske 1 maaiefiering hâlden yn Ljouwert. Op twa plakken: Zalen Schaaf, dat doe noch seal Van der Wielen hjitte, en op in stik greide by Achter de Hoven. De jonge Pieter Jelles Troelstra is der by en skriuwt deroer yn syn memoires.