Nij fuotbalfjild Hallum
Nei hast tsien jier komt der einlik in nij fuotbalfjild foar fuotbalferiening Wykels-Hallum. Al sûnt 1999 wie de feriening dwaande om de gemeente safier te krijen om te ynvestearjen yn it hurde stik grûn. Mar dêr wie nea jild foar.
Tanksij de jongerein yn it doarp is it idee ûntstien om it fuotbalfjild te kombinearjen mei in sportfjildsje om bygelyks te basketbaljen of te follybaljen.