Proef foar wurkleaze jongeren

© Omrop Fryslân
It Friesland College, wurkjouwers en de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean binne op 1 maaie úteinset mei de proef om wurkleaze jongeren te helpen. It giet om in projekt wêryn't 26 jongeren saneamde traineebanen krije. Sa kinne se wurkûnderfining opdwaan en in diploma krije.
De jongeren hawwe foar twa jier in wurkkontrakt krigen fia it Friesland College. It is de bedoeling om it projekt op termyn út te rôljen oer de hiele provinsje.