Makkum bot skrokken

Ferline jier belibbe de Keninginne noch in moaie Keninginnedei yn Makkum en Frjentsjer
De keninginneferiening yn Makkum is flink skrokken troch de bizarre Keninginnedei. Foarich jier rûn de keninginne mei har famylje noch troch Makkum. Klaas Groeneveld is foarsitter fan de keninginneferiening yn Makkum en plysjeman.
Neffens Groeneveld is sa'n ynsidint net foar te kommen. Der wurde tal fan feilichheidsmaatregels nommen op Keniginnedei. Dat wie ek foarich jier yn Makkum it gefal.