Beswier tsjin Feanhoopfestival

01 maaie 2009 - 12:01

Kempingeigner en havenbehearder Theo de Groot fan De Feanhoop makket wer beswier tsjin in ferliende fergunning oan in kateringbedriuw foar it organisearjen fan it Feanhoopfestival.

De Groot hat de ôfrûne jierren ek beswier makke tsjin it festival dat neffens him soarget foar te folle lûdsoerlêst foar syn kempinggasten. Dêr tsjinne doe sels in koart pleit oer. It Feanhoopfestival is dit jier fan 17-20 july en mei neffens de fergunning op in stik lân by de Wide Ie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)