Fernielings yn Harns en H'fean

© Omrop Fryslân
Twa Harnzers fan 16 en 17 jier binne tongersdeitenacht oanhâlden. Se soene op de Noorderhaven en de Hoogstraat auto's en ruten fernield ha. In plysjeman hearde glêsgerinkel en seach twa jonges fuortrinnen. Hy koe se letter oanhâlde.
Bliken die dat de jonges in rút fan in bedriuw fernield hiene. Ek wiene se oer tsien parkearde auto's rûn. Skuonôfdrukken op de auto's kamen oerien mei dy fan beide fertochten.