Marianne Vaatstra 10 jier lyn

01 maaie 2009 - 11:36

Freed is it 10 jier lyn dat yn in stik lân by Feankleaster it lichem fûn waard fan Marianne Vaatstra. It 16-jierrige famke fan De Westereen wie yn de nacht fan Keninginnedei ferkrêfte en fermoarde. Noch hieltyd is de dieder net fûn.

Heit Bauke Vaatstra ferwachtet net dat it tredde ûndersyk nei de moard op syn dochter Marianne in dieder opsmite sil. In saneamd 3-d team rint alle dossiers út de saak nochris nei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)