Bekerkaarten Twente útferkocht

Hearrenfean-kaarten noch net op
De kaarten foar Twente-supporters foar de bekerfinale tsjin Sportklup Hearrenfean binne allegear útferkocht. Binnen oardel oere wiene alle 18.500 kaarten fuort. Twente begûn ferline wike al mei de kaartferkeap fia ynternet, mar doe lei it systeem der hielendal út. Freedtemoarn wiene de kaarten beskikber fia Ticketbox.
By Hearrenfean binne noch sa'n tûzen kaarten oer. De bekerfinale wurdt spile op snein 17 maaie om 18.00 oere yn de Rotterdamske Kuip.