De Jong nominearre foar Award

Henk de Jong wurdt op de skouders nommen nei it winnen fan 'e titel
Fuotbaltrainer Henk de Jong is nominearre foar in Rinus Michels Award. De trainer fan Harkemase Boys hat in nominaasje yn de kategory bêste coach yn it amateurfuotbal. De Jong waard ferline wike kampioen mei syn ploech yn de sneonshaadklasse C.
Trainer Eric Meijers fan Achilles '29 en Karel Bonsink fan FC Hilversum binne ek nominearre. Op 23 maaie wurdt de winner bekend makke. Henk de Jong is tongersdeitejûn te gast yn tv-programma Boppeslach Kafee.