'Ynsidint net foar te kommen'

© Omrop Fryslân
In slim ynsidint lykas by de keninklike besite yn Apeldoarn is hast net foar te kommen. Dat seit Marc Schaaf fan befeiligingsbedriuw Schaaf út Twellingea. As befeiliger hat syn bedriuw ferskate kearen in besite fan de Keninginne begelaat. Oan 'e ein fan de rûnrit troch Apeldoorn ried in auto dwers troch ferskate ôfsettings hinne.
De auto rekke dêrby fjirtjin minsken, dy rekken hjirby swier ferwûne. Neffens Omroep Gelderland binne fjouwer minsken ferstoarn.