Ungelok Apeldoarn wie opset

30 apr 2009 - 14:09

By it slimme auto-ûngelok op Keninginnedei yn Apeldoarn wie opset yn it spul. Boargemaster De Graaf fan dy stêd hat dat tongersdei sein tsjin de organisaasje fan Keninginnedei.

De boargemaster die dizze útspraak achter sletten doarren. Omdat ien fan de organisatoaren, in Fries-om-utens, in senderke fan Omrop Fryslân op hie, koe Omrop Fryslân dizze útspraak hearre en opnimme. Letter op Keninginnedei binne mear details bekend makke oer it auto-ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)