Ekstra kaarten bekerfinale

Der is noch in beheind tal kaarten beskikber....
SC Hearrenfean hat woansdei noch ekstra kaarten krigen foar de finale fan 'e KNVB-Beker op 17 maaie. Hearrenfean spilet dan yn de Kuip yn Rotterdam tsjin FC Twente. Woansdei gie de foarferkeap foar seizoenkaarthâlders los.
Mei-inoar binne der likernôch 18.000 kaarten beskikber. Dêrfan binne noch minder as tûzen oer. De ferkeap foar Twente-supporters is freed. Hearrenfean advisearret minsken om te besykjen tongersdei kaarten te keapjen.