Sluting: klanten fernimme neat

On-line hat Boelens Jorritsma noch ferskate hûzen te keap
De klanten fan makeler Boelens Jorritsma sille neat fernimme fan it fallisemint. Dat ferwachtet in meiwurker fan it bedriuw. De makelder hat yn Fryslân festigingen op It Hearrenfean en yn Snits. Dy yn Ljouwert gie koartlyn ticht.
De direksje frege it fallisemint woansdei oan. Yn febrewaris waard al bekend dat it net goed gie. Doe waard de helte fan de 75 meiwurkers ûntslein. Dy reorganisaasje hat dus ûnfoldwaande holpen.