CDA-loftballon op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Op De Jouwer leit in loftballon opslein, mei in portret fan CDA-lieder en premier Balkenende derop. De ballon wurdt ynset by de CDA-kampanje foar de Europeeske ferkiezings. It is foar it earst dat in politike partij dat docht.
De ballon giet nije wike sneon foar it earst omheech, op de Dei fan Europa. Derûnder hinget in wimpel mei it portret fan Wim van de Camp, CDA-listlûker by de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint.