Rekôrtal dielnimmers expo

CDA'er Joop Atsma mocht de expo iepenje
Der docht in rekôrtal fan 54 bedriuwen mei oan de fiifde edysje fan de regionale bedriuwe-expo fan Driezum en Wâlterswâld. Neffens de beursorganisaasje hat de ekonomyske krisis earder in positive wurking as in negative op it tal standhâlders. Yn krisistiid sykje de ûndernimmers mear publisiteit om sa mear omset te krijen.
De organisaasje ferwachtet sa'n fjouwertûzen besikers. De beurs is noch oant en mei sneon iepen.