Visser 10 jier nei Vaatstra

Ald-boargemaster Piet Visser
Piet Visser krige tsien jier lyn in soad krityk nei de moard op Marianne Vaatstra. As boargemaster waard er doe bedrige en krige sels aaien nei him tasmiten. Visser is no 66 jier en naam yn 2001 ôfskied. Hy hat de kranten út dy tiid bewarre, mar kin de krityk ûnderwilens achter him litte.
De moard op Marianne Vaatstra, yn de nacht fan 30 april op 1 maaie 1999, feroare de diskusje oer in nij azc Kollum. Der waard tocht dat de dieder yn it azc te finen wêze soe.