Guod Andringa te keap

Belangstellenden kinne bou-ark fan Andringa keapje
By boubedriuw Andringa yn Snits wie woansdei in sjochdei foar minsken dy't ynteressearre binne yn bou-ark. It boubedriuw is yn febrewaris fallyt gien. It gebou is yntusken ferkocht en moat dêrom leech. Fan boarmasines oant kroaden kinne minsken keapje.
De belangstelling wie net hiel grut. Der binne likernôch 100 minsken op de sjochdei ôfkaam. De ferkeap giet ek noch fia ynternet.