10 Jier sel foar misbrûk

© Omrop Fryslân
De man (80) út Ljouwert, dy't fertocht waard fan it misbrûken fan fjouwer jonges by him yn de buert, moat tsien jier de sel yn. Dat seit de rjochtbank yn Ljouwert. Der wie fiif jier selstraf en TBS easke. De man die foar it misbrûk earst leuke dingen mei de jonges en joech har kado's.
De rjochter is der net fan oertsjûge dat TBS noch effekt hat en hat dêrom de hege selstraf oplein. Sjoen de leeftyd fan de man soe er net wer frijkomme.