Boete foar deadlik ûngelok

29 apr 2009 - 14:27

In frachtweinsjauffeur (27) út Ljouwert is feroardield ta 750 euro boete en in rydûntsizzing fan fjouwer moanne.

Hy joech yn oktober gjin foarrang oan in taksybuske op in krúspunt yn Ruurlo. Troch de botsing kamen trije ynsittenden fan it buske om en rekke in fjirde swier ferwûne. De Ljouwerter ried 67 kilometer wylst 60 tastien is. Der wie 100 oeren wurkstraf easke. De straf foel leger út om't de rjochter it gjin misdriuw fûn, mar in oertreding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)