IM pakt skoallen hurder oan

29 apr 2009 - 12:29

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert pakt fuortbliuwen fan bern op skoalle hurder oan. Alle Fryske skoallen krije ynkoarten post fan justysje. Der wurdt om in bettere registraasje frege en ek de reden fan fuortbliuwen moat dúdlik wurde. Dat bart no net goed en dêrom hat it IM net goed sicht op de problemen.

As de registraasje net better dien wurdt, kin in skoaldirekteur foar de rjochter brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)