Ljouwerter pakt nei bedriging

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (30) is tiisdeitenacht oanhâlden yn syn wenplak. Hy hie in meiwurker fan in kafee bedrige. De meiwurker hie de man en in freon fan him út it kafee set om't se ferfelend wiene. De twa manlju wiene slim dronken. Doe't se bûten kamen, soe de Ljouwerter úthelje nei de de meiwurker fan it kafee.
De plysje hat de man oppakt en oerbrocht nei it buro.