MCL klear foar bargegryp

It MCL-sikehûs hat maatregels nommen foar it gefal der pasjinten komme dy't mooglik it bargegrypfirus hawwe. Op de polykliniken en by de haasteaskjende help is personiel útlein wat de symptoanen fan in mooglike besmetting binne. Ien dêrfan is hege koarts.
By twivel moat personiel mûlekapkes en wanten brûke. Yn it sikehûs komme posters te hingjen sadat elkenien op de hichte is fan de maatregels. Oant no ta hawwe der noch gjin fertochte pasjinten west.