25 miljoen ferlies Connexxion
Ferfiersbedriuw Connexxion hat yn 2008 sa'n 25 miljoen euro ferlies lit. Grutste oarsaak dêrfan binne hegere ûnderhâldskosten oan bygelyks nije bussen. Ek de hege prizen foar disel ha meiwurke oan it miljoeneferlies.
Connexxion is yn Fryslân ûnder oare aktyf mei it iepenbier busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân.