Drachtsters werom fan rally

28 apr 2009 - 06:34

De Drachtsters Gordon_Cornelissens en Sjoerd_van_Netten binne wer thús fan harren rally nei de Reade See. De tocht fan sa´n 13.000 kilometer waard ôflein yn in âlde Fiat Panda.

De measte dielnimmers oan de Red Sea Challange reizgje mei it fleantúch werom nei harren begjinpunt, mar de twa Drachtsters dienen dat mei harren Panda. Mei muzyk en sjampanje waarden de twa moandei ferwolkomme troch famylje en freonen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)