Finalekaarten net fia KNVB

27 apr 2009 - 20:18

SC Hearrenfeanfans kinne kaarten foar de finale fan de KNVB-beker tusken SC Hearrenfean en FC Twente allinnich keapje by de TicketBox-ferkeappunten. Dat hat de klup besletten.

Sportklup Hearrenfean hie mei de KNVB ôfpraat om in part fan de 17.500 beskikbere kaarten op de website fan it fuotbalbûn te ferkeapjen. Mar de KNVB kin net garandearje dat dat woansdei goed giet. De kaartferkeap foar FC Twentefans wie in gaos troch oerbelêsting fan it kompjûtersysteem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)