Hearrenfean dochs yn play-offs

27 apr 2009 - 17:08

SC Hearrenfean is wis fan Europeesk fuotbal, mar sil mooglik dochs útkomme yn de play-offs. As FC Twente de bekerfinale wint en as de Tukkers as twadde einigje en Hearrenfean as fyfde, dan komt de ploech fan trainer Trond Sollied út yn de twadde foarronde fan de Europa League.

Troch de play-offs kin Hearrenfean in better ticket fertsjinje. De winner dêrfan komt út yn de tredde foarronde. Hearrenfean sil ynkoarten mei it KNVB om tafel om dat te bepraten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)