Parkeargaraazje wurdt grien

27 apr 2009 - 16:05

Eins soe it fuortendaliks nei de bou al in grien bolwurk wurde. Parkeargaraazje Hoeksterend yn Ljouwert. Mar pas nei tolve jier is it safier dat der begroeiïng op it gebou komt.

Nei de bou waard daliks in klimop plante, mar dy woe net groeie. De plantebakken wiene te lyts en de plantesoart wie ek net goed. Roazen en wintergriene kamperfoelje moatte der no foar soargje dat de garaazje dochs noch in griene útstrieling krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)