Rüppellsgier by Fûgelhelling

Grutte útfanhûzer by de Fûgelhelling
By de Fûgelhelling is sneon in grutte gier binnenbrocht. It is in Rüppellsgier, dy't twa wike lyn ûntsnapt is by in falkenier yn België.
It bist siet sneintejûn op it terras yn de tún fan de famylje De Jong op de Nijebiltdyk. Utsein dat it bist slim roppich wie, liket it yn in goeie sûnenstastân. De gier hat in spanwiidte fan 2 meter 20 en is sa'n meter heech. Yn it wyld komt de soarte yn Afrika foar. Omdat it bist in chip hie, koe de eigner opspoard wurde.