KNRM rêdt 3 jachten op it Waad

27 apr 2009 - 14:47

De KNRM hat moandei op 'e Waadsee trije jachten holpen dy't yn 'e problemen rekken troch it minne waar. By Flylân rekke in syljacht mei twa minsken oan de grûn. Rêders fan it KNRM-stasjon hawwe help ferliend.

By Harns drige in motorboat mei acht persoanen om te slaan. It jacht is troch de Harnzer KNRM nei de haven sleept. Tusken Harns en Tessel makke in syljacht wetter. It skip is troch de rêdingsboat en in partukuliere berger nei Koarnwertersân sleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)