Ferwûnen by ûngelok Amelân

27 apr 2009 - 10:11

By in ûngelok op It Amelân binne snein twa minsken slim ferwûne rekke. Om acht oere kaam de melding dat by kamping Duinoord by Nes in ferwûne man op it fytspaad lei. It slachtoffer, in ynwenner (19) fan Zweeloo, wie bewusteleas. In ein fierder lei in ynwenner (20) fan Nes mei ferwûnings oan it gesicht.

De Drint is mei de traumahely nei it UMCG yn Grins brocht, de man ús Nes mei de rêdingsboat nei it MCL. It duo wie op in bromfyts ûnderút gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)