Famke (18) krijt samar klappen
In famke fan 18 jier út Ljouwert is sneintemiddei mishannele yn har wenplak. It slachtoffer rûn oer it fytspaad by de Dokkumer Ie lâns doe't se ynienen oanfallen waard troch in har ûnbekende man. Hy sloech har sûnder oanlieding. Dêrnei naaide er út.
De plysje hat noch nei de fertochte socht, mar hat him net fûn.