Ljouwerter (22) driget mei mes
De plysje hat sneintenacht in 22-jierrige Ljouwerter oppakt foar bedriging. De fertochte hie in meiwurker fan in hoarekasaak mei in mes bedrige. Hy waard op it Ruterskertier oanholden en oerbrocht nei it buro.
De man is foar fierder ûndersyk ynsletten. It mes is yn beslach naam.