Feanster skopt en slein

26 apr 2009 - 16:37

In man (46) fan It Hearrenfean is sneintemoarn mishannele troch trije ûnbekende manlju. De man woe snein betiid nei syn wurk en rûn út syn hûs nei de garaazje om de auto te pakken. Dêr seach er in ûnbekende man stean en frege him wat er dêr die.

Dêrop kamen twa oare manlju út it hûs fan de buorlju oanrinnen. It groepke skopte en sloech de 46-jierrige man. Dy koe by syn auto komme en sa útnaaie. De plysje hat yn 'e omjouwing socht nei it trijetal, mar se net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)