Man slacht rút plysje-auto yn

26 apr 2009 - 13:56

Yn Berltsum is sneontenacht in 47-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. De man hie rúzje krigen yn it doarpshûs. Bûtendoar besocht in man him rêstich te krijen, mar dat slagge net en dêrom waard de plysje warskôge. De Ljouwerter moast mei nei it buro.

Underweis dêrhinne sloech de man it rút fan de plysje-auto stikken. De man is fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)