JSF-debat kostet PvdA stimmen

De JSF besoarget de PvdA elektorale skea
De diskusje oer it keapjen fan in JSF-testfleantúch kostet de PvdA neffens de peiling fan Maurice de Hond twa sitten yn de Twadde Keamer. De PvdA soe der noch 22 oerhâlde. Neffens deselde peiling soe de PVV fan Geert Wilders útkomme op 33 sitten, in nij rekôr foar dizze politike formaasje.
Oaren partijen dy't it goed dogge yn de peiling binne D66 (18) en TON (2). De PvdA makke de ôfrûne wike in draai yn it JSF-debat troch earst ferset tsjin de JSF en letter grien ljocht.