Tankauto rydt motorrider oan

© Omrop Fryslân
In 20-jierirge motorrider út Boalsert is sneon yn Nijlân oanriden troch in tankauto. De bestjoerder dêrfan woe achterút in oprit fan in boerebedriuw opride. Doe't er gjin ferkear seach, begûn er te riden, mar ynienen hearde er in hurde klap. Dat wie de motorrider.
De motorrider wie in bocht útkaam en koe de tankauto net mear ûntwike. It slachtoffer is mei ferwûnings oan hân en skonk nei it sikehûs brocht.