Jonge mishannele by Crackstate

© Omrop Fryslân
In jonge (19) fan Langsweagen is sneontenacht ynelkoar slein troch in groep fan in man as tsien. De plysje krige in melding oer in fjochtpartij en fûn it slachtoffer yn de Crackstrjitte, flakby it gemeentehûs.
De jonge is yn it sikehûs opnaam mei ferwûnings oan de eagen en de noas. Tsjûgen seine dat de jonge spul krige mei in noch ûnbekende man. Ynienen kaam de groep jongeren der ek by en dy sloegen en skopten him. De plysje hat de dieders net fine kinnen.