Earste profoerwinning Westra

25 apr 2009 - 23:10

Lieuwe Westra hat sneon de tredde Arno Wallaard Memorial wûn. De hurdfytser fan Mûnein liet yn de einsprint yn Meerkerk nei 175 kilometer mei gemak de Dútser Eric Baumann achter him en kaam solo oer de einstreek.Kenny van Hummel wûn op trettjin sekonden de sprint fan it peloton.

Foar Westra, sûnt dit jier beropshurdfytser by Vacansoleil, is it de earste oerwinning by de profs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)