Schuil sânde yn Brazilië

25 apr 2009 - 16:13

Beachfollyballer Richard Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder Nummerdor op it earste beachfollybaltoernoai fan it seizoen sânde wurden.

Yn Brazilië ferlear it Nederlânske duo sneon yn de werkânsing fan de Russen Igor Kolodinski en Dmitri Barsoek. De setstannen wiene 18-21, 21-15 en 10-15. It sânde plak wie goed foar 300 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)