Frysk hynder mear promoatsje

25 apr 2009 - 14:48

It Frysk Hynstestamboek sil it Frysk hynder mear promoatsje yn it bûtenlân. It stamboek hat 7000 bûtenlânske leden en 8000 leden yn Nederlân.

It Frysk hynder is ek bûten de grinzen populêr lykas yn Afrika, Amearika en Nij-Seelân. It tal bûtenlânske leden kin noch flink groeie sa tinkt it stamboek. It Hynstestamboek bestiet dit jier 130 jier. Dat wurdt yn oktober fierd mei in grutte show. Neist hynste-acts is der ek muzyk fan it Frysk Jeugdorkest en sjonger Syb.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)