Jongeren oppakt mei drugs

© Omrop Fryslân
De plysje hat in jonge (16) fan It Hearrenfean oanhâlden. Hy hie wapens en drugs by him. Surveillearjende plysjes seagen in groep jonges op it Geert Willigenplein. Ien fan har besocht wat te ferstopjen. De plysje fûn twa messen en in potsje mei GHB. De jonge sit fêst op it buro.
In jonge (18) út Harns is oanhâlden. Hy hie kokaïne by him en in soad jild en twa messen. De plysje hat alles yn beslach naam. Nei ferhoar en in proses-ferbaal mocht er wer nei hûs.