Krekt ferlies foar SC Cambuur

24 apr 2009 - 22:05

Sportklup_Cambuur hat freedtejûn mei 1-0 ferlern by Dordrecht. It wie it earste ferlies foar de Ljouwerters sûnt 17 febrewaris, doe't FC Zwolle te sterk wie. Dordrecht pakte troch de oerwinning de sechde perioade.

De iennige goal fan de wedstriid foel yn de earste helte en waard makke troch Eddy Putter. Yn de twadde helte waard in Cambuur-goal fan Rudy Jansen ôfkard fanwege bûtenspul. Om't konkurrint Zwolle ek ferlear bliuwt Cambuur op it tredde plak stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)