Oerlêst Snits wurdt oanpakt

It Meldpunt Overlast Sneek sit yn it stedhûs fan Snits
Yn Snits is freed it Meldpunt Overlast Sneek iepene. By dat meldpunt kin eltsenien yn dy gemeente in klacht dellizze. De gemeente besjocht dan mei de plysje, wenningkorporaasjes en helpferlieningsynstânsjes wat der mei dy klacht barre moat.
It kin om ferskate klachten gean, lykas oer tefolle lûdsoerlêst by buorlju of op strjitte, of oer minsken út de buert dêr't it net goed mei giet. Mei it meldpunt moat der úteinliks minder oerlêst wêze.