Viktor Elm net tsjin FC Twente

Viktor Elm (foto: Martin de Jong)
Hearrenfean-middenfjilder Viktor Elm hat tefolle hinder fan in hamstringblessuere en kin net spylje tsjin FC Twente. Ek it meidwaan fan Michael Svec is ûnwis. Trainer Trond Sollied koe freed noch net oanjaan wa't de ferfangers binne. Ferdigener Goran Popov is skorst, foar him spilet Calvin Jong-A-Pin.
Ek Twente_trainer McLaren hat soargen. Kenneth Perez, Cheik Tioté en Douglas binne skorst, Marko Arnautovic is in twifelgefal.