Fergees parkeare op 'e Lemmer

24 apr 2009 - 16:28

Op 'e Lemmer wurdt gjin betelle parkearen ynfierd. De blauwe sône yn it doarp wurket goed genôch om foar te kommen dat alles konstant fol mei auto's stiet. De ûndernimmers binne der yn mearderheid ek tefreden oer.

Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan 'e gemeente Lemsterlân. Probleem is wol dat der bytiden gjin romte is foar de winkels sels, mar dat komt yn in soad gefallen omdat de winkellju har eigen auto's der delsette. As se dat net dogge, is it probleem oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)