Strie yn 'e brân yn Tytsjerk

It strie waard der troch de boer sels útriden
Yn in skuorre oan de Symen Halbeswei by Tytsjerk is freedtemidddei brân útbrutsen. It strie yn it lisboksbûthús wie yn brân flein. De boer helle it strie sels mei in shovel út de stâl.
De brânwacht fan Burgum gie der mei twa auto's hinne om it fjoer út te meitsjen. It fee koe gewoan yn de stâl bliuwe omdat dat net yn de buert fan de brân stie. De stâl hie op it stuit ek gjin dak. Dat wie der koartlyn al ôfhelle om't der asbest ynsiet.