Slagge proef mei smookputsje

24 apr 2009 - 15:31

Spoarbehearder ProRail hat op it treinstasjon fan Ljouwert in saneamde jiskebaktegel pleatst. It giet om in proef as ferfanging fan de smookpylders. Dy foldogge net omdat der tefolle reek frijkomt.

By it smookputsje moatte smokers yn in grutte giele sirkel stean en de sigaret yn it putsje útdrukke. ProRail is no al entûsjast oer de proef. De smokers meitsje der in sport fan om de sigaretten yn it smookputsje út te drukken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)