St. Anne: plakette foar Rosier

24 apr 2009 - 11:30

De plakette ta de neitins fan 'e omkommen militêr Martijn Rosier wurdt nije wike woansdei ûntbleate yn it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint Anne. De plakette is makke troch byldzjend keunstner Henk Rusman út Aldebiltsyl.

De ûntbleating fynt plak yn besletten kring. De byienkomst hat gjin militêr karakter. Sersjant Martijn Rosier út Sint Anne kaam yn augustus 2007 op 30-jierrige leeftyd om it libben yn Afganistan by in ûntploffing fan in bermbom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)